Hans de Vries nei WK springen
Ruter Hans de Vries fan Gytsjerk sil fan 27 oant en mei 30 septimber meidwaan oan de wrâldkampioenskippen springen foar hynders yn it Belgyske Lanaken.
Hy kwalifisearre him mei it hynder Veldheer, fokt troch Wentink fan Oentsjerk en eigendom fan de famylje Wobbes yn Bûtenpost. Mei de 5-jierrige Veldheer hat Hans de Vries in súksesfol springseizoen achter de rêch.