Frou wol op plysje ynride

09 sep 2007 - 13:42

In frou (40) út Ljouwert is sneon oppakt troch de plysje om't se mei drank op efter it stjoer siet en hast in plysje oanriden hie. Twa plysjes op de fyts seagen de frou te hurd riden op it Herenwaltje en holden har oan.

De frou woe net meiwurkje oan in alkoholtest. Se sette de auto yn de achterút en joech gas. De plysje dy't achter de auto stie, koe mar krekt oan de kant springe. In oare plysje klom by de frou yn de auto en sette dy stil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)