Bemanning sonken skip rêden

09 sep 2007 - 13:32
  • De SAR-helikopter (hjir op argyf) hat de minsken fan it flot helle

Der is sneintemoarn in skip sonken tusken Flylân en Skylge. De fjouwer minsken oan board koenen rêden wurde. De kustwacht krige even nei tsien oere de melding fan in skip yn need.

Koart dêrop kaam it berjocht dat it skip omslein wie en de bemanning op in rubberen flot siet. De rêdingsboaten fan Skylge en Flylân en de SAR, dy't mei in oefenflecht dwaande wie, binne nei it skip stjoerd. De helikopter hat de fjouwer minsken fan it flot helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)