Plysje mei stiennen bekûgele

09 sep 2007 - 13:24

In jonge (17) út Sweagerbosk is sneontenacht oppakt by it doarpsfeest fan De Westerein om't er mei stiennen nei de plysje smiet. De plysje wie ôfkaam op in fjochtpartij op it feestterrein oan de Lange Reed.

Doe't de plysje de fjochters út inoar helje woe, waard er mei stiennen nei har goaid. De fertochte is oanhâlden mei help fan befeiligingsmeiwurkers. Der rint noch in ûndersyk nei twa oaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)