Koekefabryk moat ynvestearje

© Omrop Fryslân
Koeke- en banketbakker Modderman fan Rotsterhaule hat it sa drok dat it bedriuw kwalik mear oan de fraach foldwaan kin. Oarders wurde mei fertraging levere en it personiel moat no sels op sneins trochwurkje.
Om oan de grutte fraach te foldwaan hat Modderman flink ynvestearre yn nije masines. Dêrnei moat de produksje fan bygelyks pipernuten mei de helte ferhege wurde. Sels út Austraalje komme oarder binnen foar koeke.