Gemeenten jouwe enerzjytips

09 sep 2007 - 12:32

Gemeenten yn Noard- en Súdwest-Fryslân jouwe har boargers de kommende moannen tips om enerzjy te besparjen. It Bilt, Boalsert, Frjentsjerteradiel, Harns, Littenseradiel, Nijefurd en Wûnseradiel organisearje byienkomsten en merken oer enerzjybesparring.

Der wurkje ek ferskate wenningkorporaasjes oan mei, wêrûnder Wonen Noordwest en Welkom. Der wurdt ûnder oare ynformaasje jûn oer nije techniken op it mêd fan besparring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)