Nassaurûte mei mp3-spiler

Nassau-kenner Bearn Bilker
De Nassaurûte yn Ljouwert kin fan tongersdei ôf mei in mp3-spiler rûn wurde. De tekst is fan de Fryske Nassau-kenner Bearn Bilker. De rûte giet by lokaasjes del dy't te krijen ha mei de skiednis fan de Nassaus yn Ljouwert, lykas de Grutte Tsjerke, it Stedhâlderlik Hof en de Prinsetún.
De Nassaurûte is de earste fan fjouwer kultuerhistoaryske rûtes yn Ljouwert. It is in projekt fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd.