Mûne St Jansgea 150 jier

© Omrop Fryslân
Mûne De Hersteller yn St. Jansgea bestiet 150 jier. By dy gelegenheid is in jubileumboek útkaam. De mûne waard yn 1857 boud om de polder droech te hâlden. Yn de jierren santich fersutere de mûne en doe is er yngreven opknapt.
Gerben Wynja wie de earste mûnder dy't nei de restauraasje yn 'e mûne wenje mocht. Hy is bliid dat de streek him sa bot foar de mûne ynset dat er no noch bestiet.