Tim Douwsma noch yn de race

Tim Douwsma
De 19-jierrige Tim Douwsma fan Wynjewâld hat de earste liveshow fan So You Wannabe A Popstar oerlibbe. De earste live-útstjoering fan it SBS6- programma mei de lêste tsien kandidaten wie freedtejûn.
De sjongtalinten stride om in platekontrakt. Kandidate Mercia krige fan 'e sjoggers de minste stimmen. Foar har is de striid no dien. Tim is ien fan de lêste njoggen dy't no noch oer binne.