Gjin animo foar Fryske sporten

08 sep 2007 - 16:18

De promoasjedei foar de Fryske sporten tippen, keatsen en fierljeppen is sneon útrûn op in teloarstelling. By Sportstêd Hearrenfean koene minsken de sporten besjen en ek meidwaan, mar der kaam suver gjin publyk op ôf.

It parkearterrein by it Abe Lenstrastadion, dêr't it keatsen, fierljeppen en tippen promoaten waard, bleau leech. Nederlânsk kampioen fierljeppen Bart Helmholt stie ek mar wat mei de hannen yn 'e bûse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)