Lanlike subsydzje foar dûns

© Omrop Fryslân
Fjouwer Fryske teaters hawwe 60.000 euro krige foar de útfiering fan 'Dûnsje op lokaasje'. It giet om De Harmonie yn Ljouwert, De Koarnbeurs yn Frjentsjer, it Posthûs Teater op It Hearrenfean en De Lawei yn Drachten.
De subsydzje komt út it Fûns foar Poadiumprogrammearring en Marketing. Dy fynt dat de fjouwer teaters mei it programma op in orzjinele wize ynfolling jouwe oan 'e lanlike Dûnswike yn oktober.