Rollatorje foar Nikaragua

08 sep 2007 - 15:36
  • Rollatortocht foar Nikaragua

De Herfoarme en Grifformearde tsjerken yn Haulerwyk hâlden sneon in rollatortocht foar in goed doel. De dielnimmers moasten yn estafettefoarm 37 kilometer ôflizze. Dêrfoar koene se har sponsorje litte. De tocht gie by seis oare tsjerken del, ûnder oare yn Donkerbroek, De Haule en Appelskea.

It jild giet nei it goede doel yn Nikaragua. Der is al goed 6000 euro opbrocht. De 'rollateurs' waarden oanmoedige troch in radiowein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)