Slotoffensyf Suderseeline

08 sep 2007 - 15:06

Wurkjouwers yn it Noarden begjinne in slotoffensyf foar de Suderseeline. Se hawwe harren ferienige yn it aksjekomitee Hier trekken we de lijn. It komitee hat in spesjale Suderseereisplanner makke. Dêrop is te sjen hoefolle reistiid de spoarline besparret. Bedriuwen yn it Noarden stride al jierren foar in rappere spoarferbining mei it Westen. Se hoopje it Kabinet sa te oertsjûgjen fan 'e needsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)