Ferkearsboerddief trapearre
Yn Drachten is freedtenacht in man oanhâlden dy't besocht in ferkearsboerd te stellen. In suveillearjende plysjeman seach dat de fertochte yn 'e Easterstrjitte de klemmen foar in parkearboerd losskroefde. Hy die se dêrnei yn syn fytstas.
De fertochte is foar ûndersyk meinaam nei it plysjeburo. Wat er mei de klemmen en it boerd woe, is net bekend.