Fertochte oppakt foar brân

08 sep 2007 - 13:35
  • Ien fan 'e brannen, desimber ferline jier yn Gaasterlân-Sleat
  • Fan 'e foarein fan dizze pleats bleau inkeld de ûnderein oer

In 20-jierrige man út Gaasterlân-Sleat is oppakt foar mooglik brânstichting yn in hûs, ferline wykein oan 'e Jachtlustweg tusken Balk en Wikel. De fertochte waard yn desimber ferline jier ek al oanhâlden fanwege in rige brânstiftings yn Súdwest-Fryslân. Dy brannen soargen foar in soad ûnrêst.

De plysje is op syk nei mear slachtoffers fan brânstifting en tsjûgen fan 'e brân tusken Balk en Wikel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)