Gjin fúzje Nuon en Essent

© Omrop Fryslân
De fúzje tusken enerzjybedriuwen Nuon en Essent is fan 'e baan. De rieden fan bestjoer fan beide bedriuwen hawwe witte litten dat der gjin basis mear is om troch te gean mei it fúzjeproses.
De ûnderhannelings tusken de beide bedriuwen binne stikken rûn op de saneamde ruilferhâlding. Nei de fúzje soene oandielhâlders fan Nuon 45 prosint krije en dy fan Essent 55 prosint.