Alde rêdingsboaten op Skylge

Skylge stiet dizze dagen yn it teken fan rêdingsboaten. Mei in sympoasium freed en in floatskou sneon wurdt betocht dat it hûndert jier lyn is dat de âldst noch besteande rêdingsboat boud is. Dy boat leit sûnt in pear jier op Skylge.
In lytse 25 oare âlde rêdingsboaten binne ek nei it eilan kaam om it feestje mei te fieren. Op it sympoasium wurdt praat oer hoe't de âlde boaten behâlden wurde kinne.