"Famylje moat grûn ôfstean"

07 sep 2007 - 12:00

In stik grûn fan 282 kante meter by Feankleaster moat ûnteigene wurde, om de rûnwei om it doarp hinne oanlizze te kinnen. De grûn is fan de famylje van Harinxma thoe Slooten, de eigner fan Fogelsanghstate. De famylje wol it terrein net kwyt.

Feankleaster stridet al jierren foar de rûnwei, om it ferkear út it doarp te krijen. Kollumerlân hat de rûnwei opnaam yn it bestimmingsplan en komt no mei in ûnteigeningsproseduere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)