Mear staazjeplakken yn MCL

07 sep 2007 - 09:00

De learôfdielingen yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne sa'n sukses, dat der fan nije wike ôf folle mear staazjeplakken by komme.

Sa'n 140 studinten fan fjouwer opliedingen kinne dan op hast alle sikehûs-ôfdielingen it fak leare. No kin dat op mar in pear ôfdielingen. Nij is ek dat de studinten ferpleechkunde al fan har earste jier ôf staazjerinne. Oant no ta begûnen se dêr letter yn de oplieding mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)