Bedriuweterreinen oanpasse

07 sep 2007 - 08:57

Minister Cramer fan VROM komt yn febrewaris yn it Noarden om te sjen hoe't it mei de bedriuweterreinen steld is. Cramer hat in rapport krigen oer hoe't de kwaliteit ferbettere wurde kin.

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW-Noord hat it rapport skreaun. Dy fynt de bedriuweterreinen no faak ûnnedich deprimearende stikken grûn. Se soene better yn it lânskip ynpast wurde moatte en better yndield wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)