Gea wol alle skoalbern lesjaan

Skoalbern krije les oer de natuer yn it besikerssintrum
It besikerssintrum fan it Fryske Gea yn de Alde Feanen wurdt it sintrale plak foar alle berne-aktiviteiten fan it Gea. De natuerorganisaasje wol kursussen jaan oan alle bern fan de basisskoallen. De bern kinne dan mei eigen eagen sjen hoe't de natuer wurket.
It besikerssintrum wurdt op dit stuit foar 5 miljoen euro ferboud.Takom jier maaie sette de earste kursussen útein. Dêr wurde 70 frijwilligers by ynset.