Mobile himpplantaazje yn Grou

Yn Grou is in himpplantaazje mei twahûndert oant trijehûndert planten oprôle. De planten stiene yn in frachtauto mei oanhinger op in yndustryterrein oan De Muldyk. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei anonime tips.
De planten binne ôffierd en ferneatige. It komt yn Fryslân hast net foar dat der in mobile himpplantaazje ûntdutsen wurdt troch de plysje.