Temamiddei oer lanlik wenjen

© Omrop Fryslân
Fryslân tinkt mear ynwenners te lûken mei de bou fan lúkse bûtens. Yn it Streekplan fan 'e Provinsje is ôfpraat dat der proefprojekten komme foar lanlik wenjen. Benammen minsken út de Rânestêd soene sa nei Fryslân lokke wurde moatte. De Provinsje hâlde tongersdei yn Ljouwert in temamiddei oer lanlik wenjen. Lânskipsarsjitekt De Ruyter wol de besteande kwaliteit fan it lanskip brûke by nije bouprojekten.