Alves: ik wol wer skoare

06 sep 2007 - 15:00
  • Afonso Alves hat der wer nocht oan

Afonso Alves trainde tongersdei gewoan mei by sc Hearrenfean. Hy makke op de training in fleurige en fitte yndruk. De spits ferklearre dat hy nei de teloarstelling fan it ôfrûne wykein wer foarút sjen wol. Alves is no fral dwaande mei de tariedings op de twa wedstriden mei it Braziliaanske alvetal yn Amearika.

Nei dizze reis wol hy ek sa gau mooglik wer foar Hearrenfean fuotbalje en skoare, sa sei Alves tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)