Pama biedt Bruin baan oan

06 sep 2007 - 14:55
  • Jan Bruin kin by Cambuur oan it wurk

Direkteur Alex Pama fan Cambuur hat goalgetter Jan Bruin in baan oanbean foar nei syn aktive karriêre. De oanfaller, dy't fan 1991 oant 1996 en fan 2000 oant 2005 by Cambuur spile, is lykwols noch net formeel benadere.

It is noch net dúdlik wannear't Bruin ophâlde sil mei fuotbaljen. Hy spilet op dit stuit by Stormvogels/Telstar. Watfoar funksje Bruin mooglik krije sil, is ek noch net bekend, mar hy is yn alle gefallen wolkom by de club.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)