Stoarmproef foar beammen

06 sep 2007 - 13:49

By it gemeentlik begraafplak yn Frjentsjer is tongersdeitemoarn in stoarmproef mei beammen hâlden. In pear esdoarns dêr binne skeefgroeid. Se kinne by in flinke stoarm omwaaie.

Brike beammen wurde út foarsoarch faak kapt. De gemeente Frjentsjeradiel wol safier net gean en lit útsykje oft de beammen 'stoarmproof' binne. Dêrfoar wurde se mei in liere op spanning brocht. De beammen moatte wynkrêft 9 trochstean kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)