Speedboat stellen
Yn Noardburgum is in speedboat stellen út in haventsje oan 'e Ryksstrjitwei. It giet om in toerspeedboat. Hy lei mei in ketting fêst oan in steiger. De boat is tusken freed 17 augustus en no woansdei meinommen troch de dief of dieven.
De boat is wyt mei in read dek. Der siet in grize Suzuki-bûtenboarmotor achter fan 15 pk. De plysje hat de saak yn ûndersyk.