Winst Friesland Foods omheech

06 sep 2007 - 09:36

It giet goed mei suvelkonsern Friesland Foods. It bedriuw hat yn it earste healjier 79 miljoen euro winst makke; 36 % mear as ferline jier. De hegere winst is benammen yn Azië fertsjinne, mar ek yn Europa docht Friesland Foods it goed. De gruttere winst en omset komt ek omdat de fraach nei suvel grutter is as it oanbod.

As gefolch fan 'e ûntwikkeling giet ek de molkpriis foar de feehâlders omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)