Desibeltest yn Snitser tsjerke

05 sep 2007 - 23:35

It Stedelijk Muziekkorps fan Snits hat woansdei de Noardertsjerke yn Snits úttest op it tal desibellen. Yn 'e tsjerke komt in nij teater fan it Centrum voor de Kunsten. It gebou moat goed isolearre wurde sadat der gjin oerlêst foar de buert is. Dêrom waard woansdei besjoen wat der maksimaal oan desibellen produsearre wurdt.

It korps kaam út op in lytse 93. Dat wie neffens de ferwachting. Oer twa jier moat it nije teater klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)