'Gjin Pronk as foarsitter'

05 sep 2007 - 22:56
  • Andriesen stipet Pronk net
  • Bertus Mulder, de Fryske kandidaat-partijfoarsitter

Jan Pronk moat net de nije foarsitter wurde fan de Partij van de Arbeid. Dat fynt PvdA-deputearre Anita Andriesen. Pronk neamde premier Balkenende tiisdei yn in debat 'in leugenaar'. Andriesen is benaud dat as Pronk keazen wurdt, hy Balkenende en it kabinet yn problemen bringe sil.

Pronk hat spyt fan syn útspraak en hat tajûn dat er in flater makke hat. Frysk PvdA-foarsitter Bertus Mulder is ek yn 'e race foar it foarsitterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)