Provinsje stipet OV jongeren

Jongeren kinne meikoarten goedkeaper mei de bus....
De provinsje wol it brûken fan de bus troch skoalbern fan 16 en 17 jier goedkeaper meitsje. De provinsje lûkt dêr ien miljoen euro foar út. Jongerein ûnder de 18 krije no noch gjin fergoeding foar busferfier.
De koarting moat foarkomme dat learlingen har opliedingskeuze ofhingje litte fan de hichte fan de reiskosten. Hoe't de koarting trochfierd wurdt is noch net bekend.