Oerlêst Lidl bepraten

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits sil mei de Lidl supermerk oan it Antoniusplein prate oer maatregels om trillingsoerlêst troch frachtauto's tsjin te gean. In eardere omwenjende fan de supermerk hat in saak by de Raad van State wûn.
De man hie oerlêst fan de frachtauto's dy't de Lidl befoarriede. It supermerkbedriuw hat yntusken al in plan makke om wat tsjin de oerlêst te dwaan. De gemeente Snits sil de foarstelde maatregels besjen.