Solarboatebedriuw yn Ljouwert

05 sep 2007 - 12:49

Yn Ljouwert komt in bedriuw foar solarspeedboaten. Twa studinten fan de Technische Universiteit Delft begjinne yn de stêd it bedriuw Czeers, dat speedboaten makket dy't rinne op sinne-enerzjy.

De twa ha earder de Frisian Solar Challenge wûn, de sinneboatrace. Se binne dêrnei trochgien mei it fierder ûntwikkeljen fan in flugge boat op sinne-enerzjy. Dy solarspeedboat moat 60 kilometer yn de oere farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)