Opsinten 27 euro heger

05 sep 2007 - 11:28
  • Autoriden wer wat djoerder....

Friezen mei in auto binne takom jier 27 euro ekstra kwyt oan de provinsjale opsinten. De provinsje hat dat jild nedich om de begrutting slutend te krijen.

De ferheging hat ûnder mear te krijen mei in koarting fan it Ryk op it jild dat de provinsjes krije. Foar de kommende fjouwer jier skeelt dat yn elts gefal jierliks 17,5 miljoen euro. Der is takom jier wol 45 miljoen euro foar nij belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)