Nije 'stins' yn Bûtenpost

© Omrop Fryslân
Yn Bûtenpost komt nei alle gedachten in wenkompleks yn de foarm fan in stins mei hofkes. It gebou moat komme oan de Jeltingaleane. Der komme 35 apparteminten yn, mei dêr omhinne grutte tunen mei wetterpartijen.
It plan is betocht troch in projektûntwikkelder út Amsterdam. De gemeente Achtkarspelen is wiis mei it inisjatyf. Behalve dat it der moai út komt te sjen, jout it ek romte op de wenningmerk.