Man oanholden mei xtc

05 sep 2007 - 10:54

In man fan 24 út Grou is tiisdeinacht oanhâlden om't er 29 xtc-pillen by him hie. De plysje kontrolearre syn auto op de Van Dekemaleane yn Hearrenfean. De man helle wat saken út de bûsen en naaide doe út.

Nei in achterfolging koe de man oanhâlden wurde. By it fûlearjen fûn de plysje de pillen. Yn de omkriten waard noch in pûdsje mei 47 pillen fûn. Dy hat de man nei alle gedachten fuortsmiten doe't er útnaaide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)