'Oerol fertsjinnet subsydzje'

05 sep 2007 - 10:50

Foarsitter Van Twist fan festival Oerol hat yn in brief oan Twadde Keamerleden skreaun dat Oerol yn de kulturele basisynfrastruktuer opnommen wurde moat. Minister Plasterk rekkenet it festival dêr net ta en dat betsjut dat Oerol gjin fêste subsydzje krijt.

De Keamer praat ynkoarten oer it plan fan de minister. Yn de brief fan Van Twist stiet dat Oerol unyk is fanwege syn lokaasjeteater en de kombinaasje natuer en kultuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)