Jutters fine 1500 kg smoargens

05 sep 2007 - 06:16

Yn in moanne tiid hawwe de beide strânhimmelers fan It Amelân al 1500 kilo smoargens ophelje. Sûnt begjin augustus romje de jutters Van Leeuwen en Mosterman mei trekker en oanhanger de troep op dy't oanspielt.

De juttersferiening makke it strân al alle jierren yn de maitiid hielendal skjin, mar sûnt koart binne der ôfspraken mei de gemeente. De opbringst bestiet foaral út plastic: netten, touwen, flessen en sportskuon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)