CJIB bout nij yn Ljouwert

It hjoeddeistige kantoar fan it CJIB is te krap bemetten
It Centraal Justitieel Incasso Bureau yn Ljouwert krijt der in kantoar by. Der wurdt 20 oant 30 miljoen euro ynvesteard yn it nije gebou oan de Tesselschadestrjitte foar it haadkantoar oer.
It CJIB krijt hieltyd mear ynkassotaken fan it ryk en hat dêrom mear romte nedich. Dêrby groeit it tal ferkearsboetes spektakulêr. Dat binne der no 13 miljoen yn't jier. It tal meiwurkers sil mei 200 tanimme.