Epke nei de Spelen

Epke Zonderland
Epke Zonderland giet nei de Olympyske Spelen fan 2008. Zonderland hat him tiisdeitejûn kwalifisearre troch goeie prestaasjes op it wrâldkampioenskip turnjen yn Stuttgart.
De Nederlânske ploech slagge it net om him te pleatsen, wêrtroch de kânsen fan Zonderland net goed liken. Troch in goeie útslach op de mearkamp, mei in topprestaasje op rek, wist er dochs in ticket foar de Spelen te heljen. Epke moat wol foarmbehâld toane.