AZ lilk op útspraak Riemer

Riemer van der Velde op fuotbalgala: wolven yn skieppepakken
AZ-foarsitter Dirk Scheringa fynt de oanfal fan Riemer van der Velde op syn klub by de útrikking fan 'e gouden skoech 'ûnbegryplik'. Alves wie der net omdat er 'stikken sit' nei it ôfketsen fan syn transfer nei AZ.
Neffens Van der Velde hawwe 'wolven in schaapvacht' Alves de ôfrûne tiid de kop gek makke. Hy doelde dêrmei ek op AZ. Alves giet ein dizze wike nei Amearika om mei it Braziliaanske alvetal te spyljen.