Feilichheidsplan Wetterskip

Nij wetterplan moat oerstreamings foarkomme
It Wetterskip Fryslân wol it gemaal by Lauwerseach folle earder oanlizze as pland. Fierder moat it gemaal by Harns in twa kear sa grutte kapasiteit krije. Dat stiet yn it feilichheidsplan dat it Wetterskip tiisdei presentearre hat.
Troch de gemalen earder te bouwen hoege de oevers en kaden yn Fryslân folle minder ophege te wurden as earst tocht waard.