Oefenbus OV-chipkaart

04 sep 2007 - 16:37

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is tiisdei de OV-chipkaart yn gebrûk naam. Deputearre Adema fan ferkear. die de offisjele hanneling. Foar de yntroduksje set ferfiersbedriuw Arriva in spesjale bus yn dêr't yn oefene wurde kin mei de kaart.

Fan 2008 ôf kin de kaart brûkt wurde yn plak fan 'e strippekaart. Mei de chipkaart sille ek de sônes ferdwine. Der wurdt tenei per kilometer ôfrekkene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)