Anjer foar Baukje Wytsma

Baukje Wytsma (foto: Tresoar)
Dichteres Baukje_Wytsma krijt de Fryske_Anjer. It bestjoer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns fynt har ien fan de meast konstante talinten yn de Fryske poëzij. Mar ek foar har berneboeken, musicals en lietteksten krijt Wytsma de priis.
De Fryske Anjer bestiet út in jildbedrach fan 2500 euro en in sulveren spjeldsje. Earder krigen ûnder oare Corina van Eijck, Jos Thie, Thom Mercuur de ûnderskieding.