Roy Beerens net nei Noarwegen

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanoanfaller Roy Beerens docht freed net mei oan 'e wedstriid fan Jong Oranje foar de EK-kwalifikaasje. Hy hat in ljiskblessuere en is net op 'e tiid fit foar it duel tsjin de Noaren.
As ferfanger is Ajax-oanfaller John Goossens mei de club ôfreizge nei de Noarske stêd Frederiksstad. De wedstriid is freed. De einstriid is fan 14 oant en mei 27 juny 2009 yn Sweden.