Nije arrestaasjes drugsboat

De ferrtochte drugsboat fan It Amelân
It ûndersyk nei in drugsboat dy't ein july fûn waard op de Noardsee by it Amelân hat trije nije fertochten opsmiten. Se binne troch de Dútske plysje oanhâlden op in boat by it eilân Helgolân. It giet om in man fan 74 jier út Harns en twa Kenianen.
De trije wurde derfan fertocht drugs brocht te hawwen nei de boat by It Amelân. Se binne al útlevere oan Nederlân. De boat benoarden It Amelân hie 1500 kg hasj oan board.