Twadde Keamer betinkt Rosier

04 sep 2007 - 14:25

De Twadde_Keamer hat tiisdei yn 'e gearkomste stilstien by de omkommen militêr Martijn_Rosier út Sint_Anne. Rosier kaam ferline wike snein troch in bermbom om it libben yn Urzugan.

Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet betocht de dea fan Rosier en liet ek witte dat se har meilibjen oerbrocht hat oan de famylje. De betinking waard pas tiisdei hâlden, omdat de Twadde Keamer foar it earst wer byelkoar is nei it simmerreses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)