Kremaasje omkommen militêr

04 sep 2007 - 14:20

Famylje, freonen en kollega's hawwe tiisdei ôfskied naam fan 'e omkommen militêr Martijn Rosier. Dêrby wiene 800 minsken oanwêzich. Yn Sint Anne diene in grut tal minsken de kiste útgeleide. Rosier kaam om op in missie yn Afganisatan.

By it krematoarium yn Goutum foarmen hûndert kollega's in earewacht foar him. Rosier is mei militêre eare kremearre. Syn earemedaljes binne oerdroegen oan syn frou en bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)