Ferkearsgaos yn Boarnburgum

Omliedings soargen moandei foar in ferkearsgaos yn Boarnburgum. Rykswettersteat hie de A7 ôfsluten fanwege wurk. Ferkear waard omlaat mei buorden mei in 1 derop. Dat nûmer waard ek brûkt foar in oare omlieding yn 'e gemeente Smellingerlân.
Gefolch wie dat it ferkear yn Boarnburgum fêst kaam te sitten en keare moast. In frachtauto feroarsake foar tûzenen euro's oan skea omdat er net op de smelle dykjes bliuwe koe.