Fertochten winkeldieverij pakt

04 sep 2007 - 11:47

Op De Gordyk binne moandei twa froulju en in man oanhâlden fanwege stellerij. De trije wiene troch in meiwurker fan in winkel oan de Badwei betrape. Se hiene in pear fleskes aftershave meinaam sûnder ôf te rekkenjen.

Yn de auto fan de fertochten fûn de plysje noch mear guod, benammen kosmetika. De trije minsken binne meinaam nei it buro en fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)